Fan herten wolkom...

 ...op it webstek fan de Ynterfryske Rie, de oerkoepeljende organisaasje fan alle Friezen út Noard-, East- en West-Fryslân.
Mannich Fries wit te min oer de skiednis, kultuer, talen en bysûnderheden fan ús heitelân. Dit webstek moat helpe dat manko út ‘e wei te helpen.
Wy beskôgje ús as in wichtige regio yn it feriene Europa, dêrom binne ek alle net-Friezen fan herte útnoege om harren oer ús te ynformearjen en as it efkes kin in yntinsive dialooch mei ús te fieren.
It medium ynternet tsjinnet dêrta as basis, mar kin en moat net yn it plak komme fan de weardefolle persoanlike kontakten.
Bêste Friezen, brûk dit webstek as platfoarm foar it útwikseljen fan ynformaasje en mienings.
Wy sjogge jo bydrage hiel graach temjitte. 

Helmut Collmann

Foarsitter Ynterfryske Rie

www.interfriesischerrat.de