Utnoeging Ynterfrysk kongres yn East-Fryslân Afdrukken
Sonntag, 3 Mai 2009
Ek nocht oan Frysk, Fryslân en Ynterfryske Kontakten? Gean dan ek ris mei nei it Ynterfrysk Kongres. Elkenien is fan herten wolkom op it 24e kongres fan de Ynterfryske Rie. It trijejierlikse kongres wurdt diz' kear holden yn Lier (Leer), yn it Dútske East-Fryslân. In prachtige âlde stêd, dêr't noch in soad Nederlânske ynfloeden te merkbiten binne. It tema fan it kongres is It Tij Keart (‘Gezeitenwechsel'). It programma jout rom gelegenheid om mei oare Friezen yn kontakt te kommen.

It programma sjocht der sa út:

Sneon 13 juny ‘09

10.00               Rathaus*: Festsaal, Rathausstr. 1 26789 Lier (Leer).
                        Iepenjen en wolkom troch de presidint fan de Ynterfryske Rie, Dieter Baumann.
                        Begroeting troch de boargemaster fan de stêd Lier (Leer), Wolfgang Kellner.

10.15-10.45    Ynlieding troch Prof. Dr. K.-E. Behre fan it Nds. Inst. für Hist. Küstenforschung
                        yn Wilhelmshaven. Behre praat oer de ûntjouwing fan de súdlike Noardsee sûnt de
                        lêste iistiid.
skoft

11.15-11.45    Ynlieding troch Prof. Dr. Hans von Storch, direkteur fan it GKSS, Institut für                                           Küstenforschung yn Geesthacht, oer: Klimaatferoaring, seespegel en stoarmfloeden:
                        wat is ús foarútsjoch?
skoft

12.15-12.45    Ynlieding troch Hanz Dieter Niemeyer, meiwurker fan it Nds. Landesbetrieb für
                        Wasserwirtschaft, Küsten- und Naturschutz (NLWKN), Forschungsstelle Küste,
                        Norderney. Underwerp: alternativen foar dykoanlis: wat binne dat en hoe brûkber
                        binne dy?

12.45-14.30    skoft en middeismiel

14.30               - Oerdracht foarsitterskip en sekretariaat Ynterfryske Rie
                           fan seksje East nei seksje West
                        - Begroeting troch Hermann Dinkla MdL, Presidint fan de Nedersaksyske Landtag
                        - Begroeting troch Helmut Collmann, Presidint fan de Ostfriesische Landschaft

15.00-17.00    Poadium- en plenêrdiskusje ûnder lieding fan in moderator. Elkenien wurdt útnoege om mei te praten oer it tema fan it kongres.

17.30               Slútwurden

oant 19.00       Gjin sintraal programma, nei eigen ynsjoch yn te foljen.

19.00                          Jûnsprogramma oan board fan it "Emstraumschiff" MS Warsteiner Admiraal mei iten en muzyk. Offeart om 19.30 oere foar de tocht oer de Iems de kant fan de Dollart út. De board leit fuort by it Rathaus. 23.00   (likernôch) Weromkomst yn de haven fan Leer.  - sjoch oare side -



Snein 14 juny ‘09
Moarns kar-út in trijetal programma-ûnderdielen:
            - besite oan de Upstalsboom yn Auerk (Aurich), op eigen gelegenheid
10.00   - besite oan ien fan de tsjerketsjinsten yn Lier (Leer), op eigen gelegenheid: bgl. ev. luth. Kirche:
              Lutherkirche, of ev.-ref. Kirche, Reformierte Kirchgang 19.

11.00   - stedskuier troch de Altstadt fan Lier (Leer) en besite oan it Haus Samson ûnder lieding fan
              Gerhard Cordes, foarsitter seksje East fan de Ynterfryske Rie.

13.00   (likernôch): ôfreizgjen.
                                                                                                                             Programmawizigings foarbehâlden.

Nei oanlieding fan it kongres wurdt in spesjale likernôch 10 sm trochsnee grutte brûnzene medalje yn beheinde oplage te keap oanbean.

Yn de hal (Vorraum) fan it stedshûs is in tentoanstelling oer it tradisjonele Nijjiers wakfiskjen.


Opjaan

Opjaan foar it kongres by de Fryske Rie,
Saapke Miedema, sekretaris/ponghâlder
Dit e-mailadres wordt beschermd tegen spam bots, u heeft Javascript nodig om het te bekijken ,
p.a. Troelstrapark 3, 8918 MA  LJOUWERT of fia tel. 06 16 608 348. Under fermelding fan jo namme-, adres- en wenplakgegevens en om hoefolle persoanen it giet.



De priis fan it kongresprogramma is € 35,- de man/frou. Dat is foar it kongres en it jûnsprogramma (middeismiel, boat mei buffet en muzyk). It is eksklusyf slieperij. Sûnder it jûnsprogramma op de boat kostet it € 10,-. Skoalbern en studinten kinne 50% koarting krije op de kongrespriis fia de Fryske Rie: ynformearje nei de mooglikheden by Saapke Miedema.



Nei jo/dyn opjefte wurdt in befêstiging en in rekken stjoerd. Opjefte is definityf nei it beteljen fan de rekken, dan is de organisaasje wis fan jo/dyn dielname!

Oernachting** op eigen gelegenheid te boeken by de Tourist-Information fan de stêd Lier  (Leer) (00 49 491 91 96 96, e-mail: Dit e-mailadres wordt beschermd tegen spam bots, u heeft Javascript nodig om het te bekijken ). As jo wolle kinne jo freegje nei de meiwurk(st)er  dy't Nederlânsk praat. Kar-út oernachting yn de jeugdherberch** of tal fan hotels. It hiele programma en it ôfreizgjen fan de boat spilet him op rinôfstân fan inoar yn it sintrum Lier (Leer) ôf, sjoch it programma.

*           Rûtebeskriuwing Rathaus:
            Trein: Bahnhof Leer.
Auto: A31, daliks nei de Emstunnel
ôfslach 11, Leer-West en dan rjochting
            Innenstadt.

**         der binne foar dit kongres in tal sliepplakken reservearre by de jeugdherberch (Jugendherberge Leer yn it sintrum. Dêr kinne jo by it boeken oan referearje. Tel. 00 49 491 21 26 of stjoer in mail nei Dit e-mailadres wordt beschermd tegen spam bots, u heeft Javascript nodig om het te bekijken Priis oant 26 jier € 16,20/nacht, 27 jier en âlder € 19,20 (priis oernachting ynkl. moarnsbrochje en lekkens. Ienpersoanskeamer + € 10,00 p.p.p.n en twapersoanskeamer + € 5,00 p.p.p.n. Alle keamers mei dûs/wc.

 
< Vorige   Volgende >

Van harte welkom

Image...op de Internetsite van de Interfriese Raad, de overkoepelende organisatie van alle Friezen uit Noord-, Oost- en West-Fryslân.

Veel Friezen weten te weinig over hun eigen geschiedenis, talen en cultuur en het specifieke van ons Friese vaderland. Deze site zal zeker helpen dit manco uit de weg te helpen.

Wij beschouwen ons als een belangrijke regio in het verenigd Europa, dus zijn ook alle niet-Friezen van harte uitgenodigd om zich over ons te informeren en een intensieve dialoog met ons te voeren.

Het medium Internet dient daartoe als basis, maar het kan de waardevolle persoonlijke contacten niet vervangen.

Beste Friezen, benut deze site a.u.b. als platform voor het uitwisselen van uw mening en overige informatie.

Wij verheugen ons op uw bijdrage.

Dr. Roel Kaastra LLM
Voorzitter Interfriese Raad