"Vlakbij en toch veraf" Drucken
Samstag, 7. März 2009
Op moandei 16 maart organisearret Stichting Fryske Rie jûns om 20.00 oere yn debatsintrum De Bres yn Ljouwert in diskusjejûn. Sprekker is Rikus Jager fan Appingedaam. Lid fan de Twadde Keamer der Steaten Generaal, en út namme fan it CDA Foarsitter fan ‘e Fêste Keamerkommisje foar Ferkear & Wettersteat.

Hy freget him ôf oft it Noardnederlânske tinken én it tinken yn Noardwest Dútslân ophâldt by de grins. Oer it wetter is it mar 3,5 kilometer fan Delfsyl nei de Dútske kust, mei yn ‘e fierte de útrinners fan Emden. Mar mei de auto bist 110 oant 120 kilometer ûnderweis, hielendal om de Eems en de Dollart hinne. Tichteby en dôchs gâns in ein.

Yn it ferline wie it gebiet nau ferbûn, ea makke it Grinzer Hegelân diel út fan it grutte Fryske gebiet. Yn de takomst soe it in wichtige ynterregionale Europeeske sône wêze moatte, mar hjoed de dei wurdt der byinoar lans libbe. Gearwurkje is de takomst, ieuwen lyn wie dat ek it gefal.

Nei it skoft is der rom gelegenheid ta it stellen fan fragen en diskusje. Elk is wolkom op dizze Fryske Rie-diskusjejûn op moandei 16 maart '09 om 20.00 oere yn De Bres oan de Schoolstraat 4 yn Ljouwert (achter De Harmonie). De tagong is fergees.

 
< zurück   weiter >

Herzlich willkommen

Image

...auf der Internet-Seite des Interfriesischen Rates, der Vertretung aller Friesen aus Nord-, Ost- und Westfriesland.

Viele Friesen wissen zu wenig über die Geschichte, Kultur, Sprachen und Eigenarten unserer friesischen Heimat. Der Internet-Auftritt soll helfen, diese Defizite zu beseitigen.

Wir verstehen uns als eine wichtige Region im geeinten Europa – daher sind auch alle Nicht-Friesen herzlich eingeladen, sich über uns zu informieren und gerne einen intensiven Dialog mit uns zu führen.

Das Medium Internet dient dazu als Basis, kann und soll aber nicht die wertvollen persönlichen Kontakte ersetzen.

Liebe Friesen, nutzen Sie diese Seiten als Plattform für den Austausch von Informationen und Meinungen.

Wir freuen uns auf Ihre Beiträge.

Ihr Dr. Roel Kaastra LLM,
Präsident des Interfriesischen Rates